De Staveringshifker markearret flaters, hollanismen en farianten mei elk in eigen kleur:
Foar alle opsjes jildt dat se yn- en útskeakele wurde kinne troch oan de rjochterkant te klikken op de opsjes. It is oan de brûker om kritysk mei de suggestjes om te gean. De hifker kontrolearret net op grammatikale flaters. De staveringshifker makket gebrûk fan de Foarkarswurdlist foar it Frysk. De brûker kin dêrneist ek in eigen wurdlist oanlizze en beheare. Om dy wurdlist aktyf te meitsjen moat in persoanlike koade oanfrege wurde.
Opmerking
Soms jout Office 365 by langere teksten (mear as 3500 wurden) de melding dat de wizigingen net opslein binne. De mei de staveringshifker oanbrochte wizigingen binne dan ek net bewarre. Dat hat te krijen mei technyske beheiningen yn de aktuele Office 365-software.
(Soms geeft Office 365 bij langere teksten (meer dan 3500 woorden) de melding dat de wijzigingen niet opgeslagen zijn. De met de staveringshifker aangebrachte wijzigingen zijn dan ook niet bewaard. Dit heeft te maken met technische beperkingen in de huidige Office 365-software.)